Lânbouferkear ropt emoasje op

(bron: Friesch Dagblad)
Trekkers, al of net mei in wein der achter, ride tsjintwurdich wol sechtich kilometer yn ‘e oere, alteast op diken dy’t goedernôch ûnderhâlden binne. Se meie eins mar 25 yn ‘e oere, mar wurde troch plysje en justysje stilswijend behannele as is regulier frachtferkear. Dat rydt trouwens nóch hurder: 80, 90, soms 100 kilometer yn ‘e oere, mar dan meastal op diken dêr’t fytsers en fuortgongers heechút oerstekke.

It lânbouferkear ropt somtiden emoasjes op, sa die bliken yn kafee It Reade Hynder yn Wommels, tongersdei 15 novimber 2012. Benammen as der fuortgongers of fytsers troch trekkers oanriden wurde, dan ûntstiet ferlet fan aksje. ‘SAM’ yn Littenseradiel naam it inisjatyf ta in debatjûn oer it lânbouferkear. (‘SAM’ is it gemeentlik gearwurkingsferbân fan PvdA, SP, GrienLinks en D66). Oanlieding wie in ûngemak: it famke Anouk wie in tal moannen earder oanriden troch in trekker en slim ferwûne rekke. Yn ‘Op ‘e skille’, it hûs-oan-hûs-blêd fan Littenseradiel, hie der in pear kear omtinken oan jûn.

De boppeseal fan It Reade Hynder siet aardich fol. Der wiene minsken út de lânbousektor (boeren en leanbedriuw-eigners), út de provinsjale en de gemeentlike polityk én der wiene twa sprekkers út namme fan de (toer-)fytsers: Ids Willemsma (neist byldzjend keunstner ek fanatyk toerfytser) en Gerrit van der Meer (deistich fytser, âld-foarsitter fan de ôfdieling Fryslân fan de Fietsersbond).

Deputearre Sietske Poepjes (CDA, ferkear en ferfier) mocht as earste fan wâl stekke. Se sei fuort mar dat se gjin boeredochter is, mar fiskersdochter. “En fiskers brûke ek trekkers, om de fisknetten ferslepe te kinnen”, lei se út.
Sy pleite der foar, dat stribbe wurdt nei feiliger lânbouferkear “sûnder burokrasy”; “ik wol út de papieren sfear bliuwe”. Benammen ferkearsedukaasje – foar trekkerriders yn it bysûnder – kin neffens har in wichtich ynstrumint wêze om te soargjen foar feiliger lânbouferkear.

In man út de seal pleite der foar, dat de N359 (Westergowei) tusken Ljouwert en Boalsert sa gau mooglik feiliger wurdt, troch ekstra ferkearstunnels ûnder dizze dyk troch. “Dy by Winsum, Húns/Lions en Hilaard sitte al tiden yn de plenning, mar der bart neat!” Deputearre Poepjes koe lykwols net fertelle, wannear’t dy beide tunnels (ek foar fytsers) oanlein wurde sille. “Dat sykje ik út”, sei se ta.

In trekkersjauffeur klage dat guon buorden op krusingen fan de Westergowei krekt sá steane, dat se foar trekkerriders dy’t oerstekke wolle, it sicht op it oankommende ferkear weinimme. Ek dêr soe de deputearre nei sjen litte.

De seal like yn grutte mearderheid foar it ferheegjen te wêzen fan de minimum leeftiid foar trekkerriders, alteast as se op de iepenbiere wei ride. “Splits it mar op: op eigen hiem en yn ’t lân 16 jier en op ‘e dyk 18 jier”, bepleite boargemaster Johanneke Liemburg.
Oer it trekkerrydbewiis sei deputearre Poepjes dat it meikoarten gâns pittiger wurdt om it helje te kinnen. “Mar de regeljouwing komt fierstente stadich achter de feitlike ûntwikkelingen oan”, wie in ferwyt út de seal oan ‘De Haach’.

Wethâlder Douwe Willemsma (FNP) miende te witten dat de neamde krusings fan de Westergowei yn 2014 oanpakt wurde (omboud ta ferkearstunnels), mar wis wie er net. Hy wiisde op de maksimum breedte fan lânbouferkear: trije meter en mei ûntheffing 3,50 meter. En de folsleine lingte (dus ynklusyf trekker) is 19 meter. De breedte is faak mear as de helte fan de breedte fan de smelle dykjes fan Littenseradiel, dêrom woe Willemsma dat boeren faker oer it lân fan harren buorlju ride, om it riden op de iepenbiere dyk safolle mooglik te mijen.


Willemsma relativearre “it probleem lânbouferkear” lykwols ek: “Der binne 220.000 trekkers yn ús lân, der binne sân miljoen persoane-auto’s. Ek dy kinne knap gefaarlik wêze.”

Hy wiisde op it betreklike belang fan ruilferkaveling: “Mear grûn as húskavel om de pleatsen hinne is in goede saak, mar de pleatsen wurde somtiden wer ferkocht en dan ûntstiet in nije situaasje.”
(Dit punt waard de folgjende dei ek neamd yn it Friesch Dagblad; foarsitter Geart Kooistra fan LTO Fryslân réagearre nóch in dei letter, sneon 17 novimber yn it Friesch Dagblad, dat sûnder ruilferkaveling der noch folle minder húskavels wêze soene en it lânbouferkear dus minder feilich wêze soe, want faker oer de iepenbiere dyk ride moatte soe).

Nei it skoft mochten Ids Willemsma en Gerrit van der Meer út namme fan de fytsers mei stikelige opmerkings en fragen de diskusje taspitse op de posysje fan de fytsers. “Mei myn fytsmaten hawwe wy wol besocht om in trekker by te hâlden. Dan moatte wy de ‘grutte plaat’ brûke en deun achter in trekker bliuwe. Us tellers wize dan 60 kilometer yn ‘e oere oan! Dat hâlde wy net fol, boppedat is it fierstente gefaarlik, sa deun achter in trekker”, joech Ids Willemsma ta.

Oan de hân fan de stelling: “Gjin lânbouferkear mear troch de doarpen”, besocht Gerrit van der Meer de diskusje wat oan te skerpjen. “Dat soe prachtich wêze; miskien kin it sa dat leanbedriuwen harren ark dêr stalle, dêr’t se ek harren (measte) klanten hawwe, sadat se minder faak de iepenbiere dyk op hoege?”
In eigner fan in leanbedriuw en in boer seagen dat net sitten. “Dat is net praktysk”, wie de kearn fan harren krityk. De boer: “Uteinlik moat it gers wol nei de pleats en wol ik it ark ek by de pleats hawwe. Mei jo oplossing soe ik noch faker oer de dyk ride as no.”

Dat it lânbouferkear yn de doarpskommen goed rekken hâlde moat mei oare ferkearsdielnimmers, dêr wie elk it wol oer iens. Dat de smelle doarpsdyjkes net berekkene binne op breed lânbouferkear wie ek dúdlik: “Doarpen as Kûbaard en Jorwert, dêr kinst mei in trekker-en-wein amper troch komme.”
“Se moatte gewoan folle minder hurd jeie, ek yn de doarpen!” wie de krityk fan Ids Willemsma. Dêr wie de baas fan it leanbedriuw it wol mei iens. “Mar ik hear net folle klachten oer ús jonges”, wie syn replyk.
“Op de gruttere diken soene passearstroken komme moatte. En mear fytspaden is ek in prachtige oplossing. Mar dy binne djoer”, neffens wethâlder Douwe Wilemsma.

De âlden fan Anouk diene in emoasjonele oprop om de feiligens fan it lânbouferkear te ferbetterjen.
Deputearre Sietske Poepjes toande har ree om de kwestje nochris yn de provinsjale polityk op it aljemint te bringen.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten